fan Siepie

Doe’t in legere skoallefreondintsje, slim en ûngenêslik siik waard, woe ik har in moaie ‘truiwke yn 'e rêch’ kaart stjoere.

Ik kaam yn de winkels net fierder as de standert betterskip en sterkte kaarten.
En sa’t je witte, binne net alle kaarten en teksten geskikt of tapaslik foar ien dy’t slim siik is.

Troch dy fernuvering is myn passy ûntstien om sels kaarten te meitsje, kaarten mei in moai en persoanlik boadskip.

Stêd en lân haw ik ôfsocht nei moaie Fryske teksten.
Ik kaam de meast prachtige Fryske sprekwurden en libbens-wiisheden tsjin, mei faak in filosofyske ynslach.

Ik hoopje dat myn kaarten in boarne fan ynspiraasje foar jo wêze sille.

Ommers, in kaartsje stjoere is sa moai, en in kaartsje krije al hielendal !

Groetnis,
fan Siepie.com


Ta de neitins oan Dieuwke. Troch dy fûn ik myn passy en ynspiraasje.
‘Nimmen kriget in wurklist fan it libben’
Disclaimer